Stichting
Alde Fryske Tsjerken
|
||
Ljoubjr, Novelle en Hut op Tsjerketour (2007)
It twatal Ljoubjr makket lieten mei akoestyske gitaren. Melody en emoasje binne hjirby de wichtichste ileminten. Mei de weemoedige klanken fan hol hout, sêft tinkeljende snaren en Fryske teksten ûntstiet by Ljoubjr in sfear dy't it bêst ta har rjocht komt yn in tsjerke. Yn tsjinstelling op de Frysktalige lieten fan Ljoubjr, binne de wurden yn de muzyk fan Novelle, yn’ e Ingelske taal. Se sjonge twastimmich en begeliede harsels mei piano en gitaar. Har ynspiraasje komt û.o. fan artysten sa as Simon & Garfunkel en The Cranberries. Dat it mei harren muzyk wol goed sit, bewiist it oerweldigjende succes fan harren earste optredens yn 2002. Novelle stie yn poptempel Paradiso yn de finale fan de Grote Prijs van Nederland, wer’t sy de sulveren publykspriis wûn ha. Novelle wurket op dit stuit oan in debútalbum dat fan’t jier ferskynt. Arjan Hut wie de ôfrûne twa jier stedsdichter fan Ljouwert en brocht yn jannewaris de bondel 0506-stedsgedichten & klokslach fan Ljouwert út, ynklusyf in cd dêr’t er in seleksje fan syn wurk foardraacht op muzyk. Syn wurk wurdt omskreaun as donker-romantysk, dreamerich en surrealistysk. In middei om efkes noflik te genieten fan sfearfolle muzyk en meislepende fersen yn in himelske omjouwing.
|
||
Naar boven |